Tonielstik ‘De Lytse Komeedzje’

Ek nocht om der wer ris in jûntsje út te wêzen en net foar de televyzje te sitten? Dan kin dat op freed 19 jannewaris. Lykas alle jierren, fiert toanielselskip ‘De Lytse Komeedzje’ út Drachten dan wer in toanielstik op.

De titel fan it stik is dizze kear:“In lekker stel” Klucht fan Bert Peets, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra Nyk en Emmy wenje tegearre, beide stean ze noch ûnderoan de ljedder, longerjend nei it grutte sukses.

Dat betsjut dat se no en dan wol in ekstraatsje brûke kinne. In omke fan Nyk en in muoike fan Emmy soargje dêrfoar. Omke en muoike tinke dat dit foar de stúdzje is. Mar niks is minder wier. De bydrage ferdwynt yn de hûshâldpot. Alles giet goed oant omke en muoike harren komst oankundigje en dan barre der healwize oanslaggen.

Tiid: Jûns om acht oereLokaasje: ‘De Wynroas’, Moddergat
Tagongspriis: Foar leden Doarpsbelang: € 6,50 Foar net-leden: € 8,00

Nei ôfrin fan it stik ha wy in ferlotting mei prachtige prizen.Skytskoarje dizze kear net om te kommen, it wurdt fêst in noflike jûn mei in soad hilariteit.

Fansels sjogge wy jimme graach allegearre!!

Doarpsbelang Peazens-Moddergat

Vereniging van DorpsbelangenPaesens-Moddergat

dorpsbelang@paesens-moddergat.nl

Aankomende evenementen