Tonielfoarstelling 19 jannewaris
Ek dizze kear sil de Lytse Komeedzje hun try-out yn ús doarp spyje en wol op 19 jannewaris 2024. Wêr giet it dizze kear oer: Nyk en Emmy wenje tegearre
en beide steane ûnderoan de ljedder, longerjend nei it grutte súkses. Dat betsjut dat se sa no en dan wol in ekstraatsje brûke kinne. In omke fan Nyk en in tante fan Emmy soargje dêrfoar. Allinne tinke dy dat it foar de stúdzje is. Neat is minder wier, it jild komt yn de húshâldpot. Dan komme omke en tante ûnferwacht op besite en dan…..
As jimme witte wolle hoe dit alles beteard, kom dan 19 jannewaris!