Stim fan Fryslân geeft ruimte aan stem van inwoners
Onderstaand bericht is tweetalig, leest u liever in het Frysk scrol dan naar beneden.
Inwoners van Fryslân worden meer betrokken bij waar de overheid mee bezig is. Of het nu gaat om de toekomst van het Fries, de inrichting van het landschap of ideeën uit de mienskip. Het vandaag gelanceerde digitale platform Stim fan Fryslân wil burger en overheid dichter bij elkaar brengen. Commissaris van de Koning drs. A.A.M. Brok lanceerde Stim fan Fryslân in de Statenzaal, de plek van het Friese parlement, met een eerste oproep mee te denken over de toekomst van het Fries.
De overheid is er voor de burger. Toch voelt die dat niet altijd zo. Onderzoek van het Fries Sociaal Planbureau (2021) laat zien dat ook Friezen zich onvoldoende betrokken voelen bij het werk van provincie en gemeenten. Dat kan en moet beter. In 2019 werd in de Friese Provinciale Staten een motie, om een digitaal raadplegingssysteem te introduceren, breed gesteund in de Staten. Het nu gelanceerde platform vloeit voort uit deze motie. Stim fan Fryslân is bedoeld om het contact tussen burger en overheid te verbeteren.
Commissaris van de Koning: “As provinsje fine wy it dan ek tige wichtich om yn oparbeidzjen mei ferskate gemeenten, Friezen mear te beheljen by ús belied en aktiviteiten. It belûken fan ús ynwenners by wat de provinsje docht giet foar ús dan ek fierder as in oprop yn ferkiezingstiid om te stimmen. By alles wat wy as provinsjale organisaasje foar de mienskip dogge, wolle wy besykje noch mear út de ynwenner fan Fryslân wei te redenearjen troch harren, as dat mooglik is, by ferskate ûnderwerpenek in digitale stim te jaan.“
Eerste vraag: toekomst van het Fries
Het nieuwe platform start met de uitnodiging aan inwoners van Fryslân actief mee te denken over de vraag hoe zij het Fries in hun eigen omgeving toekomst kunnen en willen geven. Iedereen kan tot en met 9 april dit jaar hiervoor ideeën opperen. Inwoners kunnen daarna stemmen op de ingediende ideeën. De drie ideeën die op de meeste steun kunnen rekenen onder inwoners van Fryslân, worden uitgevoerd. Dit gebeurt met financiële steun van de provincie.
De uitvraag over het Fries maakt deel uit van een proef rond het platform Stim fan Fryslân. Deze proef duurt tot juni dit jaar. In die periode zal het platform ook worden ingezet om de inwoners te raadplegen over andere onderwerpen en thema’s. De ook aan de proef deelnemende gemeenten Leeuwarden, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel en Heerenveen zijn bezig met het (verder) ontwikkelen van platforms voor de eigen inwoners.
Om mee te doen en voor meer informatie kunt u terecht op: stimfanfryslan.frl
Stim fan Fryslân jout romte oan stim fan ynwenners
Ynwenners fan Fryslân wurde mear belutsen by wêr ’t de oerheid mei dwaande is. Oft it no giet om de takomst fan it Frysk, de ynrjochting fan it lânskip of ideeën út de mienskip. It hjoed lansearre digitale platfoarm Stim fan Fryslân wol boarger en oerheid tichter byinoar bringe. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok lansearre Stim fan Fryslân yn de Steateseal, it plak fan it Fryske parlemint, mei in earste oprop om mei te tinken oer de takomst fan it Frysk.
De oerheid is der foar de boarger. Dochs fiele boargers dat net altyd sa. Undersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (2021) lit sjen dat ek Friezen harren net genôch belutsen fiele by it wurk fan provinsje en gemeenten. Dat kin en moat better. Yn 2019 waard yn de Fryske Provinsjale Steaten in moasje, om in digitaal systeem foar rieplachtsjen te yntrodusearjen, yn de Steaten breed stipe. It no lansearre platfoarm folget út dy moasje. Stim fan Fryslân is bedoeld om it kontakt tusken boarger en oerheid te ferbetterjen.
Kommissaris fan de Kening: “As provinsje fine wy it dan ek tige wichtich om yn oparbeidzjen mei ferskate gemeenten, Friezen mear by ús belied en aktiviteiten te beheljen. It belûken fan ús ynwenners by wat de provinsje docht giet foar ús dan ek fierder as in oprop yn ferkiezingstiid om te stimmen. By alles wat wy as provinsjale organisaasje foar de mienskip dogge, wolle wy besykje noch mear út de ynwenner fan Fryslân wei te redenearjen troch harren, as dat mooglik is, by ferskate ûnderwerpen ek in digitale stim te jaan.”
Earste fraach: takomst fan it Frysk
It nije platfoarm set útein mei de útnûging oan ynwenners fan Fryslân om aktyf mei te tinken oer de fraach hoe’t sy it Frysk yn harren eigen fermidden takomst jaan kinne en wolle. Elkenien kin dêr oant en mei 9 april dit jier ideeën foar op it aljemint bringe. Ynwenners kinne stimme op de yntsjinne ideeën. De trije ideeën dy’t ûnder de ynwenners fan Fryslân op de measte stipe rekkenje kinne, wurde útfierd. Dat bart mei finansjele stipe fan de provinsje.
De útfraach oer it Frysk makket diel út fan in proef oangeande it platfoarm Stim fan Fryslân. De proef duorret oant juny dit jier. Yn dy perioade sil it platfoarm ek ynset wurde om de ynwenners te rieplachtsjen oer oare ûnderwerpen en tema’s. De gemeenten Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel en it Hearrenfean, dy’t ek oan ‘e proef meidogge, binne dwaande mei it (fierder) ûntwikkeljen fan platfoarms foar de eigen ynwenners.
Om mei te dwaan en foar mear ynformaasje kinne jo terjochte op: stimfanfryslan.frl