Tonielstik troch de Lytse Komeedzje út Drachten

Wanneer:
10 november 2017 @ 20:00
2017-11-10T20:00:00+01:00
2017-11-10T20:15:00+01:00
Waar:
De Wynroas
Seewei
9142 Moddergat
Nederland
Kosten:
4,00

Bungalow 847

in komeedzje fan Wimpy de Vries.

Der is in priis wûn by it “grote prijzenfestijnfestiva”l. Trije dagen yn in fakânsjebungalow op in bungalowpark earne yn it midden fan it lân. Cor en Ant komme der oan mei harren mem. Mar wat bart der? Der komt noch in stel yn deselfde bungalow dy ’t ek in priis wûn ha mei it selde prijzenfestijnfestival. Nei wat hin en wer gepraat beslute de twa stellen om de bungalow dan mar te dielen. Der binne op ‘t lêst trije sliepkeamers, dat it kin wol lije. De úteinlike fraach is: Hat de lotterijkommisje de flater makke om twa stellen yn ien hûske ferbliuwe te litten of stekt der wat oars efter?????

 

Tiid:                  Jûns om acht oere

Lokaasje:          ‘De Wynroas’, Moddergat

Tagongspriis:    Foar leden Doarpsbelang: € 4,-  Foar net-leden: € 5,-

 

Nei ôfrin fan it stik ha wy in ferlotting mei prachtige prizen.

Skroom dizze kear net om te kommen, it wurdt fêst in noflike jûn mei in soad hilariteit. Fansels sjogge wy jimme graach allegearre!!

Doarpsbelang Peazens-Moddergat